De fikser en de dûmny

Verbeelding van een nieuw geschreven volksverhaal ‘De fisker en de dûmny’. Dit verhaal is geschreven door Anne Tjerk Popkema, winnaar in de categorie volwassenen van het Burgumer Mearkes Festival 2015.

In opdracht gemaakt voor de Provincie Fryslân | Centrale As Project Bureau voor het themanummer Fotografie 2016. De Centrale As in beeld en woord.

‘Op een artistieke manier met veel aandacht voor de belichting voegt Maartje diverse beelden samen, waarbij het verhaal het uitgangspunt is en ook de locatie (in dit geval Burgum) herkenbaar is.’ – voorwoord De Centrale As in beeld en woord.

 

Het volksverhaal:

De fikser en de dûmny | De visser en de dominee

Der wie ris in doarp, ferskûle tusken bosk en wetter. Krekt bûten it doarp wenne de fisker, oan de iggen, fan in heldere, lange, smelle mar. Koartlyn wie er op dit doarp taset, hy hie heard dat de fiskerij hjir sa wûnder wêze moast.

En sa trof it ek, doe’t er foar it earst te fiskjen gien wie. Hy hie amper ynsmiten of hy fong it nuverste guod. Fisken mei hoarntsjes op ’e kop, fisken mei in trijetine sturt, fisken mei hoefpoatsjes yn stee fan finnen, en fisken dy’t him yn it ear lispelen om dy heak út harren bek te heljen en har werom yn it wetter te smiten – wat er dan ek mar die.

It wie in wûnder ferskaat, en hy hie de amers altiten grôtfol. Alle dagen smiet er syn fangst op ’e karre en sutele dermei yn de buorren. Mei in koart loopke wie er de fisk al kwyt, elts woe ommers wol sa’n wûndere fisk yn ’e briedpanne swimme litte. Want de fisk smakke like bjusterbaarlik as dy derútseach: nei sinaasappel, of boekenuten yn ’e rjemme, of promtabak, of kapusijners mei spek en sûpenmoallenbrij ta. Sa hie de fisker in bêst bestean.

Op in moaie dei makke er wer syn deistige omgong mei de fiskkarre. Ditkear hold er ho by de tsjerke. It folk streamde al ta, bûgde de koppen oer de fangst en bearde fan it bûtenwenstich fiskguod dat útstald lei. De earsten klapten de sinten al op de karre. De fisker sei oanienwei: ‘Krij mar in knappen!’, skodde it baarjild yn ’e bûsen en lake breedút. Mar hommels foel it mûsstil, en it folk wiek tebek. De hannen gear foar it liif kaam dûmny it tsjerkepaad delskowen.

Hy hie grútsjen heard fan de nuveraardige fiskfangerij. Dûmny wachte efkes oant ek it lêste rûzemuozjen fuortfallen wie, en spriek doe: ‘Duvelswurk, it jowe.’ ‘Om ’e deale net,’ sei de fisker. ‘Earlik fongen, earlik ferkocht.’ ‘Sjoch dy hoarnen, sjoch dy hoefpoaten, en…,’ hy helle de noas by de fisk del, ‘rûk de swevel. Jo brûke duvelsreau, of binne it sels.’ ‘Watte! Jo komme oan myn eare, en dat lit ik my net barre, heite!’

De fisker stapte efter de kream wei en postearre himsels foar de swartjurk oer. ‘It wurdt lijen as jo jo wurden net weromnimme. Ik bin in sljocht man, en fertsjinje myn brea earlik.’ ‘De duvel waret ek ûnder it sljochtwei folk, graach sels. Foar itselde binne jo in wriggert! Til de boksen op, ik sil hifkje oft jo bokkepoaten ha.’ ‘Sûndners binne wy allegearre, mar in liger bin ik net! Ik ha warskôge!’ Hy krige it mes fan ’e karre en stiek dûmny lyk yn ’t liif.

Grut trelit, wat der doe barde! Siizjend gisele dûmny rjocht omheech, ta de loft yn, heger as de beammen. Dêr bleau er hingjen, lyk boppe de kij dy’t op ’e greide foar de tsjerke te weidzjen stienen. Hy lake heech en heas, as in raven. Swart, stjonkend bloed dripte him út it liif en baarnde yn op it gers en de kij, dy’t balten fan de pine. It donkere reinen boaze al mar oan. Ut de kowerêgen wâlen giele dampen op dêr’t de rein ynfriet, en âljend stoarte de ien nei de oare ko del op it swarte gers.

‘Hast my te pakken, fisker!’ klonk it út ’e hichte. ‘Myn brod set ik yn jim wetter net mear út. Mar gjin noed, ik fyn wol in oar doarp fol omkoalen!’ En poef! fuort wie er.

De minsken begûnen lûd te razen, skodden de fûst nei de himel en nei de fisker. Dy wiisde allinne mar op de greide, dêr’t de lêste kij weiraanden yn it gers. Allinne de kowesturten bleaunen lizzen, stille, sloppe tsjûgen fan it feit dat de duvel sels jierrenlang ûnder harren húsmanne hie en syn neiteam yn har wetters opwoutere hie.

Elts helle gau in bats fan hûs. Swijend waarden de kowesturten bedobbe ûnder de seadden fan de greide, dêr’t se no noch lizze. En nimmen yn dit doarp, ferskûle tusken wetter en bosk, hat it wurd kowesturt ea wer neamd.

 

Anne Tjerk Popkema, winner folwoeksenen
Burgumer Mearkes Festival 2015